Foarjierskonsert
Wat wie it in prachtich konsert, ôfrûne sneon 12 maart. Mei in geweldige soliste dêr ’t wy foar op ‘e banken stienen. In soliste ek dy ’t nei twa rippetysjes en in lekker buffet folslein diel wie fan ‘e band en har der moai by joech. Gjin babbelegûchjes, gewoan ien mei ús. In feest. En wat moai dat jim der sa manmachtich wienen. Sels komponist Rob Goorhuis, dochs net de minste, hie der in reis om makke. De tsjerke wie moai oanklaaid mei moaie maitiidsblommen en de ferljochting makke it hielendal ôf. Foar ús wer in hichtepunt om te ûnthâlden.
Klik hjir foar mear foto's.
Rommelmerk
Mar fansels moatte wy ek foarútsjen. Op Peaskesnein spile in lyts groepke yn ‘e tsjinst mei. Soks jout altyd in moaie sfear. En dan komt de rommelmerk ek al wer yn sicht. Moarns optocht en dan om ien oere net út ‘e gewoante wei nei Tsjisse syn loads, mar nei de Molewjuk. Dêr, yn ‘e Molewjuk sels en op it plein sil it feest dit jier plakfine. De lokaasje is oars, de sfear en de tradysje binne fansels as fanâlds. Mei ferkeap by opbod, mei de prachtigste saken foar de leechste prizen, mei in terras dat jim sels meubilearje meie en dan in drankje en sa’n hearlike Janburger. Wêr fine jo it sa?
Ha jim no noch guod dat jim hiel graach kwyt wolle? Efkes oan ‘e bel lûke by Libbe en Reintsje (2531705), dan komt alles goed. It biedwurd is lykas oare jierren:
----- Pak de tillefoan, dan hellet it Libbe it wol oan ---
Solistekonkoers Menameradiel
Op sneon 16 april oansteande wurdt it jierlikse solistekonkoers hâlden foar learlingen út de gemeente Menameradiel. Dit jier is dat yn Nij Franjum, yn Marsum. Fan moarns 10.00 oant middeis 17.00 sil wer in grut tal jonge blazers en slachwurkers har keunsten fertoane. De learlingen binne alwer drok oan it oefenjen.
Eenhoornbrass
Yn ‘e tuskentiid is ek Eenhoornbrass wer los. Dizze brassband, dy ’t bestiet út learlingen fan korpsen út Menameradiel en It Bildt wurket ien as twa kear yn it jier in oantal wiken lang nei in festival of konkoers ta. It jout de jeugd in moaie stimulâns, want net elk sit al yn it A-orkest fan syn as har eigen korps fansels. Oefenje mei leeftydsgenoaten op in wat heger nivo en yn in folsleine besetting, it is alle kearen wer in moaie en gesellige ûnderfining. Eenhoornbrass, ûnder lieding fan ús koperdosint Gatse Hylkema, makket him no klear foar it konsertfestival op Borkum, op 11 juny oansteande. Dêr sil ús ‘grutte’ korps ek hinne en tegearre mei Eenhoornbrass ha wy in moaie bus fol. Wy ha der dan ek allegearre in hiel soad sin oan.
Geraniumaksje
Ta beslút wol ik jim noch efkes wize op ús jierlikse geraniumaksje. De ferkeap begjint op moandei 2 maaie. Reade, wite, roze, hingers, steande… wy bringe se jo wer oan ‘e efterdoar ta.
Tenei mear, Martsje de Jong